Oant in pear jier ferlyn bin ik foar ferskate Logopedy-opliedings aktyf west as dosint. Ik fyn it tige ynspirearjend om de kennis en ûnderfining dy’t ik de ôfrûne jierren as logopedist en ûndersiker opdien ha te dielen mei oankommend logopedisten. Myn spesjalismen binne taalûntwikkeling, meartaligens, TARSP, ûndersyksfeardigheden en skripsjebegelieding.