Neist myn wurk as taalûndersiker en freelance dosint stean ik mei myn bedriuw iepen foar allerhande opdrachten. Jo kinne tinke oan in fertaalopdracht (Frysk-Nederlânsk, Nederlânsk-Frysk), in gastlêzing, of it skriuwen, lêzen of ynsprekken fan teksten, ensfh. Fansels kinne jo by my telâne foar redigearwurk (Frysk of Nederlânsk) of skripsjebegelieding. Ik soargje foar in goedrinnende tekst fan begjin oant ein en let dêrby op de details.
Help by taal, útspraak of presintaasjetechniken hearre ek ta de mooglikheden. Fan myn achtergrûn as logopedist út wei kin ik goede ûndersteuning biede by taal- en útspraaktraining fan sawol it Frysk as it Nederlânsk, bygelyks wannear’t dit jo twadde taal is. Myn romme ûnderfining by presintearjen komt fan pas by in training presintaasjetechniken dêr’t de opbou en útfiering fan in ynteressante presintaasje sintraal stean.